Domper feest Fryske Peallen

In grutte domper foar de doarpsfeesten yn Fryske Peallen. Oer twa jier mei de feesttinte net mear midden yn it doarp stean. De gemeente Opsterlân hat dat besletten omdat der klachten fan omwenjenden binne. Foaral oer wyldpisjen, lûdsoerlêst en ferkeard parkearde auto 's.
Under de jongeren is net in soad begryp foar de doarpsgenoaten dy't kleie. Nei alle gedachten sil de feesttinte oer twa jier hjir oan de râne fan it doarp komme.