Mobyl advys oer leare en wurk

20 aug 2009 - 11:09

Jongeren yn noardeast Fryslân kinne de kommende tiid yn in mobyl loket advys krije oer leare en wurkjen. It mobile loket is in streekbus, dy't ynrjochte is ta kantoar. Jongeren oant 27 jier mei of sûnder diploma kinne dêr fan alles gewaarwurde oer de mooglikheden fan in oplieding of in kombinaasje fan wurkjen en leare.

De bus is in inisjatyf fan de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)