Fytsers fan de dyk helle

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Damwâld fytsers fan de Hoofdweg helle, omdat it op dit stuit ferbean is om dêr te fytsen. Der wurdt wurke oan in nije rotonde en dêrom is der in omliedingsrûte. Mar fytsers draaie de buorden om of skowe se oan de kant. Dêrnei geane se fierder, oer de haadrydbaan.
Dat soarget foar gefaarlike situaasjes, omdat bestjoerders fan frachtauto's of gewoane auto's útwike moatte. De plysje sil der de kommende tiid geregeld kontrolearje.