Plan foar Fryske Universiteit

© Omrop Fryslân
De besteande hegeskoallen en ynstituten moatte de hannen yn elkoar slaan by de foarming fan in nije Fryske Universiteit. Dat seit adviseur Jacqueline van Zoggel. Se hat yn opdracht fan de provinsje in plan fan oanpak makke hoe't sa'n Fryske universiteit der út komme moat te sjen.
Op de sterke punten fan Fryslân moat der foar ôfstudearre HBO-ers de mooglikheid komme om ien ekstra jier in saneamde mastersoplieding te dwaan.