Ekstra kosten foar bouwers

De bou fan it provinsjehûs leit al in skoftke stil
At de nijbou fan it provinsjehûs yn Ljouwert djoerder útfalt omdat de bou no stilleit, dan binne dy ekstra kosten foar it boukonsortium fan Friso, BAM en Koopmans. Dat stelt de provinsje yn in skriftlike reaksje op fragen fan de FNP-steatefraksje.
De FNP hie heard dat it wurk foar in part stillein is om't der problemen binne mei de oanlis fan de nije fundearring. De provinsje befêstiget dat. De bouwers binne har no oan it berieden hoe't it fierder moat.