Stikken oven Harns iepenbier

© Omrop Fryslân
De provinsje hat geheime stikken oer de ôffaloven dy't yn Harns boud wurdt iepenbier makke. It giet om de korrespondinsje tusken amtners en saakkundigen fan it buro Witteveen en Bos. Dat buro hat yn opdracht fan 'e provinsje de miljeufergunning ûndersocht. Steateleden ha oantrune op it iepenbier meitsjen fan dizze korrespondinsje lykas stifting Offaloven Nee earder al die.
Neffens de stifting soe krusiale ynformaasje efterhâlden wêze.