Wind-en-dy winne fan Joostema

De Frouljus PC luts dit jier in soad folk nei Weidum
Maaike Wind, Gérieke de Groot en Afke Hylkema steane yn de heale finale fan de Frouljus PC yn Weidum. Yn de twadde omloop waard wûn fan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra.
It partoer Joostema pakte yn de wedstriid earst in foarsprong fan twa earsten, mar Maaike Wind-en-dy kamen izersterk werom en keatsten de wedstriid like sterk út. De partij einige yn 5-2 en 6-2. Ofrûne wykein wûn it partoer fan Joostema noch de generale fan de Frouljus PC.