Gaos op A7 nei ûngelok

De A7 by Mearum waard ôfsletten nei it ûngelok (foto Romke Notenbomer, 112 Grinslân)
Op de A7 by it Grinslanner Mearum is woansdeitemoarn betiid in frachtauto fan 'e dyk rekke. De frachtauto mei tentoanstellingsmateriaal bedarre troch noch ûnbekende oarsaak yn de fangrail. De sjauffeur kaam mei de skrik frij.
Fanwege it berchwurk waard de A7 rjochting Drachten foar langere tiid ôfsletten. It ferkear waard omlaat oer de op- en ôfritten. Dit hat langere tiid ta grutte files laat tusken Mearum en Drachten.