Wer warskôging foar oplichting

Je moatte oppasse foar nota's mei stikkers mei in nij rekkennûmer, seit de plysje.
Undernimmers yn Fryslân moatte oppasse foar oplichters. De lêste tiid binne by in tal Fryske bedriuwen rekkens besoarge fan oerheidsynstânsjes. Op de orizjinele rekkens is lykwols mei in stikker oanjûn dat it rekkennûmer wizige is yn in nij nûmer. Mar it rekkennûmer is hielendal net wizige.
De stikker is dan nei alle gedachten troch oplichters opplakt. Undernimmers wurdt advisearre om yn sa'n gefal earst kontakt op te nimmen mei de ôfstjoerder foardat betelle wurdt.