Fernieling Joads monumint

De fernielde glêsplaat fan it Joads monumint (foto Niek van der Oord)
In monumint oan de Nijksweg yn Blesdike is it ôfrûne wykein fernield. It monumint herinneret oan de likernôch 150 Joadske twangarbeiders dy't yn de twadde wrâldoarloch yn it rykswurkkamp It Petgat sieten. De glêsplaat is hielendal stikken makke.
De Stichting Joodse Werkkampen is eigner fan it monumint. De plysje hat in buertûndersyk ynsteld en de technyske resjersje docht spoare-ûndersyk.