Soad folk nei de Frouljus PC

Keatsferiening Nije Kriich yn Weidum ferwachtet in soad folk by de 22ste edysje fan de Frouljus PC. Foar de wedstriid is der in tradisjonele rûnrit mei Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Leonie van der Graaf-Zeinstra, de winners fan 2008.
It keatsen sels begjint om 11.00 oere. Fanwege it waarme waar is der ekstra wetter beskikber foar de keatsters. De organisaasje rekkenet op sa'n tûzen taskôgers. Foar it feest nei ôfrin is der ek wer in feesttinte by it fjild.