Gaslek yn camper Easterwâlde

© Omrop Fryslân
De brânwacht moast tiisdeitejûn yn Easterwâlde yn aksje kome foar in gaslek yn in camper. De bestjoerder (60) ûntduts op de Hooge Esch it lek en warskôge de helptsjinsten. De strjitte waard troch de plysje ôfset en de bewenners moasten doarren en ruten ticht hâlde.
De brânwacht ûntduts in gatsje yn ien fan de gastanks en hat der foar soarge dat it gas fuortkomme koe. De camper waard ûndertusken wiet hâlden. Doe't de tanks leech wiene, wie it gefaar oer.