Sloepestellerij oplost

© Omrop Fryslân
De plysje hat mei de oanhâlding fan twa manlju út Ljouwert de stellerij fan twa sloepen oplost. De saak kaam oan it ljocht doe't in man fia in advertinsje yn 'e krante in sloep fan 15.000 euro keapje woe. Hy ûntduts dat mei de nammeplaat knoeid wie en warskôge de plysje. Doe die bliken dat de sloep stellen wie fan de Junokade yn Ljouwert. Ut ûndersyk kamen de nammen fan de LJouwerters nei foaren.
By it ferhoar bekenden se dat sy ek in twadde sloep stellen hiene yn Jelsum.