Ljouwerter pizza net lekker

18 aug 2009 - 20:03

Pizzeria Italia yn Ljouwert bakt de minste pizza's fan Nederlân, dat is alteast de útkomst fan in test yn it ANWB-blêd Kampioen. Dat hat by 29 pizzeria's te priuwen west. Op de measte pizza's siet fierstente tefolle tsiis, fûnen de ANWB-priuwers. Ek waard by laboratoriumûndersyk dúdlik dat der by seis pizzeria's goedkeape neptsiis brûkt wurdt. Foar echt lekkere pizza moatte Friezen in ein fuort: de winners fan de test sitte yn Maastricht en Middelburg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)