Skoalle bringt boeken thús

De skoalboeken stean klear foar ferfier
Skoalmienskip CSG Liudger bringt dizze wike de boeken by de learlingen thús. Earder die in koeriersbedriuw dat, mar dat gie fallyt. Tiid om in oar bedriuw yn te skeakeljen wie der net mear en dus docht de skoalle it no sels.
It sels besoargjen fan de boeken hat yn alle gefallen it foardiel dat de skoalle goedkeaper út is as yn oare jierren. Tiisdei geane de besoargers nei Burgum, moandei wiene se yn Drachten.