Pittige lotting Joostema-en-dy

18 aug 2009 - 12:06

It favorite partoer fan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra hat in pittige lotting foar de Frouljus-PC fan woansdei. Mooglik treffe sy yn 'e twadde omloop al it partoer mei Maaike Wind, Gérieke de Groot en Afke Hylkema.

Yn de earste omloop treft it partoer fan Joostema it partoer fan Linda Terpstra. Lykas by de manlju dit jier binne der in soad outsiders, dy't yn de prizen falle kinne. Omrop Fryslân folget de Frouljus-PC op 'e foet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)