Plysjesearje RTL yn Fryslân

18 aug 2009 - 11:47

De nijste plysjesearje fan RTL4 spilet him ôf yn Fryslân. It giet om Moordplek. Presintatrise Wendy van Dijk is ien fan de haadrolspilers. De searje wurdt produsearre troch Endemol en Fryslân Marketing. Dy lêste wol Fryslân dêrmei op 'e kaart sette.

De opnames fan Moordplek begjinne yn de twadde wike fan septimber. Hoefolle jild Fryslân Marketing yn de searje stekt, wol it net sizze. It hat mei Endemol en RTL4 ôfpraat gjin útspraken te dwaan oer jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)