Ynbrekker betrape yn Ljouwert

18 aug 2009 - 10:27

In echtpear hat moandeitenacht yn syn hûs oan de Gale Hamkesstrjitte yn Ljouwert in ynbrekker trappearre. De man en frou waarden wekker fan it blaffen fan in pear hûntsjes en giene nei ûnderen. De frou kaam each yn each mei in man te stean en rôp har man. Dy fleach achter de ynbrekker oan.

De frou belle de plysje. Har man koe de ynbrekker net mear ynhelje en dat slagge de plysje ek net. De dief hat de laptop dy't er meinaam hie, wol fuortsmiten en dy is dus wer teplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)