Winst Jong H'fean/Emmen

17 aug 2009 - 21:37

Jong Hearrenfean/Emmen hat moandei yn de earste ronde fan de beker foar belofteploegen mei 3-1 wûn fan Jong FC Grins. Op Sportpark Skoatterwâld kaam de thúsploech foar it skoft op in 2-0 foarsprong troch Igor Djuric en in prachtige frije traap fan Rico Wolven.

Krekt nei it skoft waard it 3-0 troch Steven de Blok. Dennis Krohne makke yn de 89e minút de Grinzer treffer. Jong Veendam is de tredde ploech yn dizze bekerpool.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)