Nij fitness-sintrum Achmea

17 aug 2009 - 19:45

Soarchfersekerder Achmea bout in grute sportskoalle yn Ljouwert oan 'e râne fan Cammingabuorren. It is 3400 m2 grut. Elkenien kin lid wurde fan it fitness-sintrum. Minsken dy't by Achmea of Agis fersekere binne, krije 20 persint koarting. Yn it Health Center komme ûnder oare twa swimbaden en sauna's.

Oars as by oare sportskoallen hingje yn it Health Center gjin spegels. Sa moat de drompel foar minsken om te sporten leger wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)