Turbine makket swiet út sâlt

In skema fan it proses
Nei de wynturbine dy't wetter helje kin út fochtige lucht komt der no ek in wynturbine dy't swiet wetter helje kin út seewetter. Beide ideeën komme fan it bedriuw Dutch Rainmaker út Ljouwert.
It bedriuw wol de nije technyk ferkeapje oan lannen dêr't krapte is oan swiet wetter. Gewoanwei kostet it meitsjen fan swiet wetter út seewetter in soad enerzjy. By de wynturbine is dy enerzjy fergees.