Kielstra ferhuzet nei H'fean

Kielstra ferhuzet nei It Hearrenfean
Kraanferhierbedriuw Kielstra fan Ljouwert sil nij bouwe op it ynternasjonale bedriuweterrein op It Hearrenfean. De festigings yn Drachten en op De Jouwer gean ticht. It giet om in miljoene-ynvestearring.
Yn de nije festiging sil al it ûnderhâld dien wurde. Dêrneist komt der ek kantoarromte. It kraanferhierbedriuw hopet sa Noard-Nederlân noch better betsjinje te kinnen. Der ferdwine gjin banen.