Grien asfalt út dongfergister

17 aug 2009 - 17:24

It bedriuw Oosterhof-Holman Miljeutechnyk út Grypstsjerk sil mooglik by Koatstertille op in duorsume manier afalt meitsje. It bedriuw hat by de gemeente Achtkarspelen in boufergunning oanfrege op it hiem fan in boer.

It 'griene asfalt' kin makke wurde mei help fan de waarmte dy't frijkomt by it wurk fan in dongfergister. Oosterhof-Holman hat by it Ryk subsydzje oanfrege foar dizze duorsume wize fan asfaltmeitsjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)