Fryske basisskoallen wer los

Feest op skoalle Skoatterwâld
De fakânsje foar de basisskoallen sit der wer op. Om dêr oandacht foar te freegjen sille Fryske skoalbern dizze wike yn har buert kaarten rûnbringe mei in persoanlik berjocht. It is in oanfolling op de kampanje "de scholen zijn weer begonnen".
Wat ekstra omtinken is wol nedich, want in tredde part fan de ferkearsslachtoffers ûnder bern is ûnderweis fan of nei skoalle. Yn Fryslân dogge 20 skoallen mei oan de kaarte-aksje.