Frou brûkt seine as stekwapen

17 aug 2009 - 14:29

In frou (36) út Haskerhoarne is troch de rjochtbank feroardiele ta 36 oeren wurkstraf omdat se in oare frou mei in seine yn de rêch stutsen hat. It slachtoffer soe har guod ophelje út de wenning fan de frou yn Haskerhoarne, dêr't se in skoftke wenne hie.

Beide krigen wurden oer de freon fan de feroardiele frou. Doe't dy it slachtoffer bedrige, gie de frou fuort mei de wurden: ik ben niet bang voor je lelijke broekjepoep. Dêrop waard se mei de seine tatakele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)