Fernielings by Aquazoo

17 aug 2009 - 13:28

By bistepark Aquazoo yn Ljouwert is sneintenacht ynbrutsen. De dieders hawwe in grutte binde oanrjochte by de yngong en foar tûzenen euro's fernield. Der is in doar stikken makke en ruten binne derút helle. Fierder binne de tillefoankabels trochknipt. Besikers kinne dêrtroch net pinne en it bistepark is tillefoanysk net berikber.

It is noch ûndúdlik oft der wat stellen is. De dieders hawwe net by de bisten of yn de bisteferbliuwen west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)