Oanhâlding hennepkwekers

© Omrop Fryslân
Yn in bedriuwsgebou yn De Like hat de plysje snein twa Drachtsters en in ynwenner fan De Tynje oanholden. Yn it pân siet in himpkwekerij. De plysje hie in tip krigen dat trije manlju it gebou yn gien wiene. Doe't de plysje op ûndersyk út gie, troffen se de Friezen oan.
De Drachtsters binne 37 en 39 jier, de man fan De Tynje is 37 jier. Sy wiene krekt dwaande om yn in kontener goed fiifhûndert nije himpstekjes te plantsjen.