Undersyk LTO houliksbetingsten

17 aug 2009 - 11:53

Boere-organisaasje LTO-Noard ûndersiket de houliksbetingsten fan agraryske echtpearen. It komt soms foar dat ôfspraken dy't makke binne yn 'e maatskip fan man en frou, yn striid binne mei dy houliksbetingsten. Dat kin by in echtskieding foar grutte problemen soargje.

LTO-Noard siket foar it ûndersyk agraryske echtpearen om te sjen hoe't dy dat regele hawwe. De útkomsten wurde foarlein oan saakkundigen lykas notarissen en finansjeel adviseurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)