Rydbewiis kwytrekke

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige automobilist út Voorst is snein syn rydbewiis kwytrekke op de A32. By Aldeholtwâlde waard er flitst mei in snelheid 176 kilometer yn de oere.
Ek in 83-jierrige automobilist út Wergea rekke snein syn rydbewiis kwyt. Op de Harlingerweg yn Kimswert waard de man mooglik net goed doe't er fan in parkearplak ôf ried. Hy botste op in parkearde auto en bedarre doe yn de feart. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.