Frou jout falske namme op

© Omrop Fryslân
In frou út Ljouwert is sneintemiddei troch de koer fallen omdat se in falske namme opjoech neidat se belutsen rekke wie by in oanriding op it Noordvliet. De plysje leaude har net doe't se har namme fertelde. Op it buro waard dúdlik dat dat terjochte wie.
De 67-jierrige frou út Ljouwert hie liigd omdat se hielendal net yn in auto ride mocht. Har riidbewiis is yn beslach naam.