Twa motorriders ûnderút

© Omrop Fryslân
Twa motorriders binne sneintemiddei by in oanriding yn Aldehaske ferwûne rekke. Se rieden tegearre op de Jousterwei, dêr't in automobilist stie te wachtsjen om linksôf te slaan. De motorrider dy't foarop ried hie de auto net sjoen, botste derop en gie ûnderút. Ek de motorrider achter him foel.
Beide motorriders binne mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.