Jonge slacht famke

17 aug 2009 - 09:30

In jonge fan 15 fan It Hearrenfean hat snein op it stasjon nei in rûzje in famke foar de holle slein. Hy krige wurden mei it slachtoffer, in famke fan 18 út Zwartebroek. Dêrby joech er har in slach foar de holle.

Tsjûgen warskôgen de plysje. Dy hat de jonge oanhâlden foar mishanneling. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)