Ynfopaniel Amelân mislearre

© Omrop Fryslân
It ynteraktive ynfopaniel foar toeristen ûnderweis nei It Amelân is fuorthelle omdat it in mislearring wurden is. By it restaurant op de feardaam fan Holwert waard in jier lyn in skerm pleatst dêr't reizgers op útfine koene yn hokker akkommodaasje op it eilân noch plak wie.
Steand by it paniel soene toeristen sels hotelkeamers boeke kinne fia in touchscreen-skerm. Mar ûndernimmers makken gjin gebrûk fan de advertinsjeromte.