Frysk team twadde yn Eenrum

Op it wrâldkampioenskip gersbaan foar lanneteams yn Eenrum (Grinslân) is Nederlân (Fryslân) twadde wurden. It team mei Theo Pijper, Jannick de Jong en Dirk Fabriek moast it krekt as ferline jier yn de finale opnimme tsjin Dútslân.
Dirk Fabriek wûn wol de finale, mar troch it útfallen fan Theo Pijper kamen de Nederlanners ien punt te koart. De Dútsers binne no foar de tredde kear op rige wrâldkampioen.