Brân yn Drachten en Ljouwert

16 aug 2009 - 15:59

Yn in flat oan de Melkkelder yn Drachten hat sneontejûn brân west. It fjoer is nei alle gedachten oanstutsen en is begûn yn in kontener.

Ek yn Ljouwert hat sneontejûn brân west. Dat wie yn in parkearde auto oan de Prinsessewei. In tsjûge hearde in knal en search dêrnei immen fuortdraven. Ek in oare auto is skansearre rekke. De technyske resjerzje sil ûndersyk dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)