Bart Helmholt wint Fryslân Cup

Anna Jet Leijenaar, Hans Ulco de Boer, Jacob Scherjon en Bart Helmholt (foto: Martin de Jong)
It fierljeppen sneontejûn yn Drylts om de Fryslân Cup is by de senioaren wûn troch Bart_Helmholt. Mei in sprong fan 18,86 meter pakte de Burgumer de oerwinning. By de froulju wie Anna_Jet_Leyenaar fan Snits de bêste mei 15,21 meter.
Jacob_Scherjon fan Burgum wûn it by de junioaren mei 18,27 meter. Hans_Ulco_de_Boer fan Jutryp pakte mei 16,95 meter de winst by de jonges.