Huzen op rugbyterrein Drachten

16 aug 2009 - 13:08

Op it âlde rugbyterrein yn de wyk Noardeast yn Drachten komme 40 huzen en 36 aparteminten. De aparteminten komme oan de Ringwei te stean. Dat stiet yn it byldkwaliteitsplan dat de gemeente makke hat. De aparteminten wurde op syn meast 15 meter heech. De wenningen wurde net heger as 11 meter.

De wolstânskommisje is posityf oer it plan. De gemeente Smellingerlân hat ek noch gjin beswieren krigen fan omwenners. It plan moat noch troch de gemeenteried goedkard wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)