Rêdingsboat wer yn aksje

16 aug 2009 - 12:56

De rêdingsboat Koning Willem I fan Skiermûntseach hat yn de nacht fan sneon op snein in jacht mei in motorsteuring holpen. It jacht wie ûnderweis fan de Eastsee nei Den Helder yn de problemen rekke.

Ek de rêdingsboat fan de Eemshaven kaam yn aksje. Dy rêdingsboat hat it jacht nei de Eemshaven sleept. De rêdingsboat moast sneontemiddei ek al yn aksje komme. Doe waard in sylboat mei in brutsen mêst nei de haven fan Lauwerseach brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)