Hearrenfean wint fan Vitesse

Losada yn aksje (foto: Martin de Jong)
Hearrenfean hat sneontejûn mei 1-0 wûn fan Vitesse troch in doelpunt fan debutant Hernan Losada. Nei de 0-0 tsjin Roda JC en it 4-1 ferlies tsjin NEC is it de earste oerwinning fan it seizoen. Vitesse hie eins wol in punt fertsjinne, mar de beide âld- Hearrenfean spilers Lasse Nilsson en Santi Kolk krigen de bal net foarby de útblinkende doelman Martin Lejsal.
Hearrenfean is no 15 thúswedstriden op rige sûnder ferlies. Dat is krekt safolle as it âlde rekôr út 1999.