Iseger kening yn Broeksterwâld

15 aug 2009 - 21:33

Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Daniël Iseger ha sneon de útnoegingspartij yn Broeksterwâld wûn. Yn de striid om priis en preemje waard it partoer fan Hendrik Tolsma, Herman Sprik en Johannes Boersma mei 5-5 en 6-0 ferslein.

Daniël Iseger ferlear mei syn maten Pieter van Althuis en Erik Haitsma op de earste list. Iseger hie gelok dat er foar de net oanwêzige Gert-Jan Meekma bylotte waard, de krâns pakte en kening waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)