Wer winst Sierk-Jan de Haan

15 aug 2009 - 20:53

Sierk-Jan de Haan hat sneon de Omloop fan de Súd-Hollânske eilannen wûn. Nei 160 kilometer kaam de ynwenner fan Dokkum yn Spijkenisse solo oer de einstreek. Op 17 sekonden waard Jeff Vermeulen fan Hoogvliet twadde en Bart Vendrig fan Maurik tredde.

De wedstriid wie de lêste fan de klupkompetysje-regio II. De Jonge Renner, de ploech fan Sierk-Jan, hat dizze searje mei oermacht wûn. Foar De Haan, ferline wike noch winner fan de Ronde fan Namen, wie it de 6e winst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)