Jonges klimme yn mêst Jirnsum

15 aug 2009 - 16:29

Yn Jirsum binne trije jongens troch de plysje út in stjoermêst helle. Der wie in melding kaam dat jongeren yn de mêst fan in sylboat klommen wiene. Doe't de plysje yn Jirnsum kaam, die bliken dat se net yn in mêst fan in boat sieten, mar yn in mêst foar telekommunikaasje. Pas nei lang praten kaam ien fan 'e jonges derút. Hy stjoerde in sms nei syn freonen en dy kamen doe ek nei ûnderen. De jongens kamen út Grou. Se hawwe alle trije in bekeuring krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)