Utwike foar ree: oer de kop

15 aug 2009 - 14:34

Op de Stienwikerwei by Wolvegea binne in automobilist en in ynsittende ferwûne rekke. Dat barde yn 'e nacht fan freed op sneon. De bestjoerder moast útwike foar in oerstekkende ree. Hy ferlear dêrby de macht oer it stjoer en sloech oer de kop mei de auto.

De bestjoerder en ien ynsittende binne mei de ambulânse nei it sikehús brocht. Twa oare passazjiers kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)