Alde rêdingsboaten te besjen

15 aug 2009 - 12:46

Eastmahorn stiet dit wykein yn it ramt fan in lytse maritime manifestaasje. Foar Sail Eastmahorn lizze dêr fyftjin âlde rêdingsboaten dy't te besjen binne. De opfallendste boat is boud yn 1907. Der wurdt wol sein dat it de âldste motorrêdingsboat fan 'e wrâld is. De boaten binne snein ek noch te besjen op 'e Skâns.

De float die freed Dokkum oan. Se binne eigendom fan leafhawwers dy't de boat as hobby ûnderhâlde en oan publyk sjen litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)