Ljouwerter ferwûne yn Tolbert

15 aug 2009 - 12:01

In 22-jierrige automobilist út Ljouwert is fannacht by in frontale botsing yn Tolbert ferwûne rekke. De Ljouwerter rekke wierskynlik troch in te hege snelheid yn in bocht de macht oer it stjoer kwyt. Nei in stjoerkorreksje bedarre hy op de ferkearde helte fan 'e dyk en botste dêr frontaal op in oare auto.

Beide bestjoerders en ek de trije passazjiers fan de Ljouwerter moasten foar behanneling nei it sikehús.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)