Sike Elm mist Vitesse

14 aug 2009 - 17:52

Hearrenfeanspiler Viktor Elm spilet sneontejûn net mei yn it duel tsjin Vitesse. Elm is net fit werom kaam út Sweden, dêr't hy in ynterlân spile tsjin Finlân. Nei alle gedachten sil de nije oanwinst Hernán Losada syn plak ynnimme.

Michal Svec is wol wer fit. De Tsjech wie ferline wike tsjin NEC der net by troch in blessuere. Op de langduerich blessearde Roorda, Smárason, Steppe en Väyrynen nei is de seleksje fit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)