'Tiidleaze dei' yn Berchhiem

14 aug 2009 - 16:09

Om oan te toanen dat it yn 'e soarch net allegearre hurd en hastich moat hie ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum freed in 'tiidleaze dei'. Der wie de hiele dei net in klok of horloazje dêr't je de tiid op sjen koene.

Besikers, personiel en bewenners moasten harren horloazje en mobyl ynleverje, sadat se mear mei-inoar dwaande wiene as mei de tiid. Der wiene ferskate aktiviteiten organisearre en der wie ekstra personiel ynhierd om elts te helpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)