Henrique wike yntern skorst
Paulo Henrique, de Braziliaanske spits fan SC Hearrenfean, wie foarige wike net by de útwedstriid tsjin NEC fanwege in skorsing. Trainer Trond Sollied hie Henrique ien wedstriid skorst fanwege syn gedrach op de training. Henrique hie wegere om te trainen, omdat hy in boete fan Sollied krigen hie dy't hy net terjochte fûn.
Hearrenfean ferlear yn Nijmegen mei 4-1 fan NEC. Henrique seach dy wedstriid thús op televyzje en waard dêr neffens eigen sizzen 'tryst fan'.