'Ferbied FK ielrikje'

It Frysk Kampioenskip Ielrikje moat ferbean wurde. Dat fynt aksjegroep Wakker Dier. Neffens Wakker Dier wurdt de iel op in grouwelige wize deamakke. Boppedat is de iel ien fan de meast bedrige fisksoarten op 'e wrâld.
It Frysk Kampioenskip Ielrikje wurdt nije wike sneon foar de 16de kear hâlden yn Tsjalbert, mar dat moat net trochgean, fynt Hanneke van Ormondt fan Wakker Dier.