Drankrider botst op stopljocht
In 36-jierrige drankrider út Ljouwert is tongersdeitenacht op de krusing fan de Dammeleane en de Jelsumerstrjitte yn syn wenplak tsjin in ferkearsljocht botst. Doe't de plysje der by kaam, rûkten se dat de man drank op hie.
De man is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.